Poëzyseleksje

Dit ark is makke yn tarieding op it opleverjen fan it PoëzijLab

It PoëzijLab is in mânske, fergese, twatalige ynternetkursus dichtsjen foar elkenien fan 12 jier ôf. Alle 36 lessen begjinne mei in model-fers. Dêrta is in seleksje makke fan 100 hjoeddeiske Fryske fersen fan 40 skriuwers mei in ferskaat oan stilen.

Wy hawwe de 100 fersen sammele út Fryske poëzybondels en tydskriften dy’t ferskynden tusken 2000 en 2020. Blomlêzers hâlde ornaris rekken mei in bûnte kar – oan styl en tema’s – en mei literêre kwaliteit. Of se sjogge nei lite­rêre kwaliteit en in beskate opfallende eigenskip, lykas dat de fersen oer oarloch gean moatte.

Literêre bekroaningskomitees sjogge faak mar nei ien ding: bûten­wenstige literêre kwaliteit. Yn 2021 hawwe ús kollega’s fan útjouwerij Grotesk in hifkings­middel skreaun foar Provinsje Frylân. Dat hifkings­middel helpt de poëzy-sjuerys fan de Gysbert Japicxpriis om de wurken minder subjektyf en mei in mear metoadyske oanpak te ferlykjen en wurdearjen.

It PoëzijLab hat lykwols ferlet fan hiele oare seleksje-kritearia. In fers hoecht net fan de alderheechste literêre kwaliteit te wêzen. Mar it moat oansteklik wêze: it moat jo nei de pin gripe litte om sels in fersrigel te skriuwen.

Dus ha wy seleksje-ark ûntwikkele dat rjochte is op sels skriuwen leare. It fers moat beskaat aktueel tema moai behannelje. In stylmiddel, lykas healrym, moat sa tapast wurde dat it ynspi­rearret. Benammen moat in fers grappich of just lekker lilk, be­tsjoenjend en noflik lêsber wêze! Foar elkenien.

It ûntwikkeljen fan in seleksje­metoade en de seleksje fan de fersen foar it PoëzijLab binne finan­siere mei in stipe fan it Cultuurfonds.

Hjir fine jo it seleksje-ark: