It PoëzijLab

It PoëzijLab is in twatalige ynternetkursus Fryske poëzy. De webtapassing is fergees beskikber foar elkenien dy’t meidwaan wol. It PoëzijLab sil ynset wurde yn it fuortset ûnderwiis. Dat kin yn de Fryske en Nederlânske taal- en literatuerlessen, of as kultueredukaasje. De haadfinansierder fan it PoëzijLab is de Provinsje Fryslân. It PoëzijLab is klear yn 2024.

Om poëzy kennen te learen is der mar ien oanpak: selsstjoerd leare en aktyf poëzy skeppe. De 12 modulen, mei-inoar sa’n 30 oeren, bestean foar ’t meastepart út skriuwtaken. Yn ynbêde fideokes lizze Fryske dichters út hoe’t sy mei sokke taken omgean. Oan it ein krijt de kursist in sertifikaat en is er aspirant-dichter.

Us misje is tagonklikheid. Poëzy wurdt al gau dreech achte. Legere skoaltypen as hafû biede eins gjin poëzy oan. Learkrêften witte net hoe’t se poëzy jaan moatte. Dêrom komt PoëzijLab komt mei aktiviteiten foar yn ’e klasse. Alle stof oer poëtyske techniken en eleminten komt yn tagonklike taal. De opnommen Fryske fersen binne yndield nei tekstkompleksiteit.

De webtapassing befettet 100 hjoeddeiske literêre Fryske fersen, elk mei in oersetting nei it Nederlânsk, in kommentaar dat yngiet op ûnderwerp en styl, en noaten foar drege wurden, lestige metafoaren ensafuorthinne. Neist de lesmodulen binne der kennisblokken oer de poëtyske dissipline, tink oan it rymskema, in stúdzjegids en in diskusjeplatfoarm.

Wolle jo mear witte? Stjoer ús in e-mail.