Tekstkompleksiteit fan poëzy

Trije nivo’s

Dit ark is makke yn tarieding op it opleverjen fan it PoëzijLab

Teoretyske eftergrûn

De lêsberheid fan poëzy en drama is net betrouber metten. Besteande noarmen foar lêsberheid binne de oan skoalklasse of leeftyd bûne lêsnivo’s. Skoalklasse en leeftyd moatte dêrby globaal de lêsûnderfining, niget, algemiene kennis en libbensûnderfining, reewillichheid en literêre kennis fange. Sykje nei dy noarmen wurket net foar poëzy en drama. Dêrom moatte learkrêften foar dy tekstypen faak sels in gaadlik nivo fan lêsberheid fêststelle, basearre op hoe dreech oft it is om de tekst te begripen.

Dat kin mei kwantitative tekstanalyse. By kwantitative beneieringen stopje jo in tekst yn in kompjûter en dy berekkenet dan wurdlingte en sinslingte. Want lange wurden en lange sinnen hingje gear mei muoite by it lêzen.

Mar kwantitative beneieringen litte tema en betsjutting fan de tekst bûten beskôging. Just yn de tekstynhâld skûlet faak de dreechheid. Want de lêzer moat de ynformaasje út de tekst ferbine mei kennis dy’t er al hat, om de tekst te begripen. Kwalitative beneieringen fan de dregens fan in tekst hâlde wol rekken mei ynhâld en foarm.

Kwalitative mjitstêven fan tekstkompleksiteit hâldt yn: in ynformearre beslút meitsje oer de dregens fan in tekst, op grûn fan ien of mear faktoaren dy’t te ûnderskieden binne foar in minsklike lêzer, dy’t in saakkundige beoardieling útfiert. De kwalitative mjitting kin it bêste dien wurde troch in minsklike lêzer dy’t syn omtinken derby hat.

Kwalitative faktoaren omfetsje betsjuttingsnivo, oftewol letterlik of figuerlik en op hokfoar manier figuerlik, doel, bygelyks ynformearje of protestearje, struktuer, taalkonvinsjonaliteit en helderheid fan taal, en easken oan eftergrûnkennis.

Eftergrûnkennis is de kennis fan de wrâld dy’t de lêzer troch de jierren hinne wûn hat. Dêryn bestean grutte ferskillen tusken lêzers. By skoalbern makket it út oft der thús krantlêzen wurdt en oer de ynhâld praat. Wêr’t dat bart, lêze de skoalbern makliker, om't se de ynhâld flugger werkenne en boppedat in gruttere wurdskat hawwe. Troch te lêzen kin de lêzer mei wat eftergrûnkennis noch hurder kennis winne, en komt sa yn in spiraal omhegen.

Underwerp, foarm en ynhâld hawwe altyd de trije grûneleminten fan in keunstwurk west en se binne mei-inoar ferfrissele op in ûnskiedbere manier.

Poëzy is dreech om’t it bestiet út de yngripende gearparsing fan ynformaasje yn mar in pear wurden. De lêzer moat de struktuer, foarm en stylmiddels kenne om it wurk folút wurdearje te kinnen.

Kwalitative mjitstêven foar tekstkompleksiteit binne krekt weardefol as se teksten mei in hegere kompleksiteit tagonklik meitsje foar àlle lêzers. It hat gjin doel om geskikte teksten by lêzers te finen en har foar ivich ta inoar te feroardieljen. By it tapassen fan de tekstkompleksiteitsnivo’s giet men dêrom út fan de sône fan tichtbye ûnjouwing fan Vygotsky. Dus op it mêd fan dreech-maklik: it gedicht moat net te dreech wêze en ek net te maklik.

Proses

Stap 1: Wiis faktoaren oan dy’t de tekstkompleksiteit bepale, kwa ûnderwerp, foarm en ynhâld.

Stap 2: Ken nivo’s ta op basis fan hoe dreech oft it is om de tekst te begripen. Brûk eventueel mei jo kollega’s in rubryk (lykas ús taheakke rubryk).

Stap 3: Beslút hoe’t de tekst brûkt wurde sil yn de ûnderwiis-learsituaasje. Jou eftergrûn­ynformaasje en set ‘scaffolding’ yn foar de lêstaak (diagnoaze, (sels)helpstrategyen, werhelje).

Kritearia foar poëtyske tekst

Nivo’s fan tekstkompleksiteit

Us útgongspunt is tagonklikheid fan keunst. Mar de keunstner hat gjin opdracht om syn wurk dommer te meitsjen. Nammers, keunst lit him net ferbeukerje. En minsken wolle betsjutting jaan oan ’e wrâld. Se binne aktyf belutsen by har ûnderfining – dat proses is learen.

Tsiis hat in útstrieling fan kulturele ferfining. Wa’t in âlde tsiisman is sil likegoed sljocht wêze op jonge tsiis. Mei in knypeachje nei it mytysk biedwurd ‘bûter, brea en griene tsiis’ neame wy de trije nivo’s fan tekstkompleksiteit nei ús trije ripingsnivo’s fan tsiis: jonge, belegere en âlde tsiis.

Jong Regelmjittige fersopbou, omgongstaal, letterlike betsjuttingen, dúdlike ferhaalfoarm, bylden fan echte, konkrete dingen en in algemien, deistich ûnderwerp
Belegere Ungelike fersopbou, soms dûbelsinnige betsjutting, ferhaaleftich, bylden fan taastbere dingen mar ek fan ideeën (‘sa moai as de leafde’), net altyd deistich tema
Ald Ungelike fersopbou, mear betsjuttingen, frjemde taal, gjin dúdlik ferhaal of ferhaal­line, abstrakte bylden, giet oer ûnbekende wrâlden en universele ideeên (lykas dea)

Oerwagingen en suggestjes oangeande de lêstaak

As jo teksten op lêzers ôfstimme is it, behalven kwalitative faktoaren te brûken, ek wichtich om te sjen nei de individuele lêzer syn ferlet, ynteresses, feardichheden en de leartaak dy’t dy lêzer hat, om sa better beslute te kinnen oer hokker tekst oft gaadlik foar him is.

Brûk lêstaaksuggestjes, basearre op it tekstkompleksiteitsnivo fan de tekst: dus jou by de dreger te begripen teksten oprinnend mear eftergrûnkennis, en jou oprinnende ‘scaffolding’.

Koarte boarnelist

ACT, ‘Reading between the lines: What the ACT reveals about college readiness in reading’, ACT, 2006, www.act.org/content/dam/act/unsecured/documents/reading_summary.pdf. Krigen 10 augustus 2022.

Steven J. Amendum, Kristin Conradi en Elfrieda Hiebert, ‘Does text complexity matter in the elementary grades? A research synthesis of text difficulty and elementary students’ reading fluency and comprehension’, Educational Psychological Review (2018) 30:121-151. Doi: 10.007/s10648-017-9398-2.

Hans Das, ‘Over hoe leerlingen poëzie lezen en hun poëtica’s als impuls voor poëzielessen’, Taal en Letterkunde (2028) XI:321-324.

‘5. Determining text complexity, Appendix A, p. 4-8’ [The Standards’ approach to text complexity], Illinois Open Education Resources, 20 febrewaris 2012. www.isbe.net/Documents/5-determining-text-complexity.pdf. Krigen 10 augustus 2022.

‘6. Implementing Text Complexity, Appendix A, p. 8-10’, Illinois Open Education Resources, 20 febrewaris 2012. www.isbe.net/Documents/6-implementating-text-complexity.pdf. Krigen 10 augustus 2022.

P. David Pearson en Elfrieda H. Hiebert, ‘The state of the field: Qualitative analyses of text complexity, Reading research report #13.01’, TextProject, 2013. textproject.org/wp-content/uploads/2022/07/Pearson-Hiebert-2014.pdf. Krigen 10 augustus 2022.

Theo Witte, ‘De kunst van het onderwijzen. De veelbelovende toekomst van het literatuuronderwijs in zeven axioma’s’, Lectori salutem. De veelbelovende toekomst van het literatuuronderwijs. Symposium ter gelegenheid van het afscheid van dr. Theo Witte
van de RUG op 16 maart 2018 in Het Kasteel te Groningen
, 55-80. www.rug.nl/gmw/lerarenopleiding/professionalisering/evn-lectori-salutem_pdf-voor-website.pdf. Krigen 10 augustus 2022.

Rubryk tekstkompleksiteit fan poëzy

Jong Belegere Ald
fersopbou regelmjittich ûngelyk ûngelyk
betsjuttings-nivo’s inkeld soms dûbelsinnichheid meartallich
taalkonvinsje bekend no en dan in frjemd wurd frjemd, jargon, neologismen
fertelle of ekspresje fertelle ferhaaleftich ekspresje
ferhaalline gronologysk ien weromsjoch, ien foarútsjoch tiidsprongen
ferbylding konkreet meast konkreet abstrakt, ymmaterieel
belibbingswrâld algemien, deistich net altyd deistich ûnbekende, nije wrâlden
libbensechtheid konkreet realisme grutte abstrakte temas, leafde, dea spiritueel, net-figuratyf

 

Nimme jo de metoade oer, of in part derfan, neam dan de boarne:
Friduwih Riemersma/Stifting PoëzijLab, ‘Tekstkomplekisteit fan poëzy: Trije nivo’s’, PoëzijLab, febrewaris 2023.