Creative Commons-lisinsjes
no ek yn it Frysk

Dit ark is makke yn tarieding op it opleverjen fan it PoëzijLab

De Creative Commons 4.0-rige fan ynter­nasjonale auteursrjocht­lisinsjes is oerset nei it Frysk. 350.000 Frysk­sprekkers kinne de CC-lisinsjes no yn har eigen taal begripe. Fryske skeppers dy’t wolle dat har wurk oeral op ’e wrâld frij brûkt wurdt, hoege dêrfoar gjin tastimming mear te jaan yn it Ingelsk of Nederlânsk. Neist praktysk nut hat dat in prinsipjele kant: de Fryske taal kin brûkt wurde yn it rjochtsferkear. Boppedat fersterkje wichtige juridyske teksten de minderheids­taal.

Leeuwarder Courant, 8 maart 2023

Creative Commons – ‘skeppende mienskar’ – is in wrâldwide nonprofit­organisaasje dy’t it útwikseljen, útfieren en bewurkjen fan kreatyf wurk makliker meitsje wol. Creative Commons bringt fergese, brûkers­freonlike standert­lisinsjes út. Dêrmei kinne skeppers, itsij bedriuwen of inkelingen, oaren tastean om har wurk te brûken, mei har namme derop en binnen de auteurswet.

It oersetten fan de lisinsjes is in inisjatyf fan PoëzijLab. PoëzijLab ûntwikkelet mei stipe fan Provinsje Fryslân in folslein twatalige webtapassing Fryske poëzy, foar it fuortset ûnderwiis en it algemiene publyk yn Nederlân. By dat projekt wurde sa’n fjirtich Fryske dichters kontraktearre. Mar de auteurs­wetten dy’t har wurk beskermje, binne net makke foar de digitale tiid.

PoëzijLab sil dêrom mei Creative Commons-lisinsearring wurkje. De Fryske Akademy docht dat al in skoft. Lykwols wiene de lisinsjes, oerset nei goed tritich talen, net beskikber yn it Frysk. Yn rekôrtiid, trije moannen, hawwe poëzy-oersetter Friduwih Riemersma en auteursrjocht­jurist Maarten Zeinstra, yn op­arbeidzjen mei it Creative Commons-tiim yn Amearika, de oersettingen besoarge.

Hjir fine jo de lisinsjes:

 

7 maart 2023