Glossarium fan poëtyske techniken

Dit ark is makke yn tarieding op it opleverjen fan it PoëzijLab

Jo kinne it ljocht fan de stjerren inkeld sjen om’t de himel sa tsjuster is – is in poëtyske technyk. It is in njonkenstelling. Jo sette twa minsken, bisten, situaasjes of dingen neist inoar om se te ferlykjen. Jo brûke de njonken­stelling faak foar kontrast, mar it kin jo ek om in mear subtyl ferskil gean.

Hoe dan ek, jo hawwe wierskynlik poëtyske techniken brûkt sûnder derby stil te stean. Mar it doelberet brûken fan poëtyske techniken makket jo wurk sterker.

Skriuwers brûke altyd literêre techniken, sels as se mar in waskpoeier­reklame skriuwe. Poëtyske techniken jouwe taal mear oertsjûgings­krêft. Se jouwe de sinnen kleur. Se meitsje – tink oan de technyk fan alliteraasje: ‘bûter, brea’ – jo wurden makliker te ûnthâlden.

Hjir fine jo in groeiend glossarium fan poëtyske techniken. Al dy techniken komme jo tsjin yn de Fryske poëzy.