logo

Stichting PoëzijLab

Foar digitale kultuer en keunst yn ’e firtuele romte

De namme en fûneminten fan de Stichting PoëzijLab binne fêstlein yn it karbrief fan 7 febrewaris 2023.

Doel fan de stifting

De stifting stelt him ta doel: it befoarderjen fan it aktive en reseptive dielnimmen oan keunst en kultuer troch jongerein en folwoeksenen yn en bûten Nederlân.

De stifting besiket dat doel ûnder mear te berikken troch:

  1. it oanbieden fan opliedingen op it terrein fan keunst en kultuer;
  2. it oanbieden fan tsjinsten en fasiliteiten foar de keunstedukaasje en de lokale amateuristyske keunstbeoefening;
  3. it ondersteunen fan it ûnderwiis, sosjaal kultureel wurk en de amateurkeunst op it mêd fan de keunstsinnige foarming;
  4. it benutsjen fan alle oare wettige middels dy’t foar it berikken fan it doel befoarderlik wêze kinne.

Wy lizze ús ta op digitale kultuer en keunst yn ’e firtuele romte.

ANBY-ynstelling

De stifting PoëzijLab hat fan de Belestingtsjinst in beskikking ANBY krigen. De stifting wurket nonprofit, foar it algemiene belang.

Kontaktgegevens

Bestjoers­gearstalling

It bestjoer fan de stichting PoëzijLab bestiet út:

It beliedsplan fan de stifting yn haadlinen

Hjir fine jo ús beliedsplan. Gearfette:

Beleaningsbelied

It bestjoer fiert syn funksje op frijwillige basis út en krijt gjin salaris of oare beleaning foar it diene wurk. Lytse kantoarkosten kinne wol fergoede wurde. De stifting hat op it heden gjin betelle personiel yn tsjinst. Mocht dat yn de takomst feroarje, dan sil dat hjir neamd wurde en transparant makke wurde yn it finansjele jierferslach.

Ferslach fan de aktiviteiten fan de stifting

It earste jierferslach fan de stifting sil publisearre wurde yn de maitiid fan 2024.

Finansjele ferantwurding

De earste jierrekken en begrutting fan de stifting sille publisearre wurde yn de maitiid fan 2024.

De jierrekken en de ynformaasje op dizze ANBY-side fan de stifting wurde neisjoen troch in kaskontrôlekommisje. Dy kommisje is gearstald konform it húshâldlik reglemint fan de stifting en wurket neffens troch it bestjoer fêststelde kontrôlemodellen. Dy kinne jo as jo wolle opfreegje.